Goudsjeblom moat symboal wurde foar boargerslachtoffers

11 feb 2015 - 13:11

De goudsjeblom moat it symboal wurde foar boargerslachtoffers fan alle wapene konflikten yn de wrâld. Op langere termyn moat ek in eigen betinkingsdei foar dizze slachtoffers komme. Dat wol it komitee Wageningen45, dat alle jierren de befrijingsfjoer-estafette en it defilee fan âld-striders organisearret.

Foar militêren is de klaproas it symboal. Der is keazen foar de goudsjeblom fanwege it genêzende effekt fan de plant. Doel is dat it houten goudsjeblom-spjeldsje oer de hiele wrâld droegen wurdt by betinkingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)