CU: provinsje moat part mûzeskea betelje

11 feb 2015 - 12:58
  • Ek by Koufurderrige is de mûzeskea grut

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol dat de provinsje in part fan de mûzeskea betellet om foar te kommen dat boerebedriuwen omfalle. Der moatte mei it ryk ôfspraken makke wurde oer it mei-inoar beteljen fan de skea.

De ChristenUnie tsjinnet hjir nije wike in moasje oer yn. De partij wol foarkomme dat ryk en provinsje inoar oanwize as earst ferantwurdlike foar in oplossing sûnder dat der wat dien wurdt. De kosten fan de mûzeskea binne neffens de ChristenUnie te grut foar de provinsje, mar de boeren moatte wol sa gau mooglik holpen wurde.

Boeren koene oant en mei 10 febrewaris de skea melde by de LTO, mar de ChristenUnie pleitet derfoar om hjir net te strang mei om te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)