Nij park fan ipebeammen yn Burdaard

11 feb 2015 - 12:03
  • Ipebeammen yn Burdaard

No't de ypsykte yn Fryslân nei jierren fan kappen ûnder kontrôle is, komt de beam werom. Yn Burdaard wurdt woansdei in park mei ipebeammen iepene. Dat stiet symboal foar tûzenen ipen dy't mei jild fan it Waadfûns weromplante wurde yn de kustgemeenten.

By de jachthaven en kamping binne 18 soarten weromplante, mei elkoar steane 59 nije beammen. Ek binne buordsjes pleatst mei de nammen fan de ipesoarten. It projekt wurdt offisjeel iepene mei it ûntbleatsjen fan in ynformaasjepaniel. De kommende jierren wurde rûnom yn Fryslân noch ipen plante.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)