Taart foar klanten by V&D yn Ljouwert

11 feb 2015 - 11:29

Klanten fan de V&D krije woansdei fergees taart by in bakje kofje of tee. Dêrmei wol de winkel fiere dat de keten iepenbliuwt. By de winkel oan de Nijstêd yn Ljouwert wurdearren de klanten de traktaasje yn it restaurant tige.

De meiwurkers hawwe de ôfrûne dagen yn noed sitten oer de takomst fan de V&D. "It wiene spannende dagen", sa lit de direksje witte. By de keten wurkje yn Nederlân 11.000 minsken. Harren wurk is dizze wike garandearre.

Trefwurden: 
Ljouwert winkel V&D
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)