350 tips oer oerfal op blommesaak It Hearrenfean

Der binne 350 tips binnenkaam oer de oerfal op in blommesaak oan It Meer op It Hearrenfean, septimber ferline jier. De oerfal waard tiisdei behannele yn Opsporing Verzocht op televyzje.
De eigener fan de blommewinkel waard yn syn hûs neist de blommesaak oerfallen en fêstbûn. De dieders naaiden út mei in pear pinpassen. In pear oeren letter waard yn Amsterdam besocht dêr jild mei op te nimmen. Mar dat mislearre, omdat de passen doe al blokkearre wiene. De oerfallers binne noch spoarleas.
Neffens de plysje binne der foaral tips binnenkaam oer de moffen fan de persoan dy't besocht te pinnen. Dêr wienen bylden fan te sjen.