Meriant ynvestearret yn nijbou op It Hearrenfean

© ANP
Aldereinsoarchorganisaasje Meriant sil de kommende jierren flink ynvestearje yn nijbou op It Hearrenfean. De âldereintehûzen Heremastate, Marijke Hiem en in part fan Anna Schotanus binne bot ferâldere en foldogge net mear oan de wenwinsken fan de bewenners. Meriant sil dêrom oan de slach mei 150 nij te bouwen apparteminten en studio's.
Ek wurdt besjoen oft fersoargingstehûs Coornhert State nijboud wurde kin. It giet dan om nochris 120 nije plakken. De plannen moat yn oerlis mei de gemeente Hearrenfean noch fierder útwurke wurde.