Hearrenfean ferlingt kontrakt mei trainer Lodeweges

11 feb 2015 - 10:15

Sportklup Hearrenfean ferlingt it kontrakt mei trainer Dwight Lodeweges. It giet om in ferlinging mei ien jier. Lodeweges kaam ferline jier mei in soad opskuor oer fan SC Cambuur.

De trainer is op dit stuit dwaande mei in goeie searje. De lêste thúswedstriden waarden allegear mei grutte sifers wûn. Hjirtroch is SC Hearrenfean opklommen nei it sechde plak yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)