Buertûndersyk yn fermissingssaak Gert-Jan Luimstra

Gert-Jan Luimstra
De plysje hat tiisdei yn Snits hûs oan hûs in buertûndersyk dien yn ferbân mei de fermissing fan de 38-jierrige Gert-Jan Luimstra. It buertûndersyk is dien yn de wyk dêr't er wennet.
Neffens de plysje wurdt it bytsje ynformaasje dat dat opsmiten hat, no ûndersocht. Luimstra wurdt al mear as in moanne fermist. De plysje hat rûnom socht, foaral yn Snits en omkriten. Mar ek yn Surhústerfean omdat er dêr sjoen wie. Oant no ta hat dat allegear noch neat opsmiten.