Boelensloanster hat drugs by him

© ANP XTRA
In 35-jierrige man út Boelensloane is tiisdeitemiddei oanhâlden omdat er harddrugs by him hie. De man waard op de Harlingerwei yn Frjentsjer pakt by in ferkearskontrôle mei 4 gram speed yn 'e bûse. De fertochte ried boppedat op in scooter, dêr't er earder in boete mei krige foar te hurd riden.
De man krige doe fan de plysje de opdracht om syn scooter op 'e nij keure te litten. Dat hie er noch altyd net dien. De Boelensloanster is meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk.