Valentijn by Omrop Fryslân: wa fertsjinnet in blomke?

Valentijn by Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
Wa fertsjinnet neffens jo in blomke op Valentijnsdei? Lykas ferline jier sille live-ferslachjouwers fan Omrop Fryslân op freed 13 febrewaris op ‘en paad om minsken, dy’t it neffens oaren fertsjinje, in boskje blommen te besoargjen.
Yn ferbân mei Valentijnsdei steane freed bysûndere ferhalen en romantyk sintraal by Omrop Fryslân Radio. Jou jo leafde of in oar dy’t it fertsjinnet op fia valentijn@omropfryslan.nl en set derby wêrom’t no krekt dy persoan in blomke krije moatte soe.
Ut alle ynstjoerde ferhalen kiest de redaksje in oantal persoanen dy’t freed troch de ferslachjouwers ferrast wurde.
Stim foar dizze aksje en mear Fryske romantyk ôf op 92.2FM. Sjoch ek op ús spesjale Valentijnsside.