Mear as 800 boeren melden har by LTO mei mûzeskea

Mear as 800 boeren wolle graach dat bepaald wurdt hoe grut de skea oan harren lân is troch de mûzepleach. It oantal meldings leit al boppe de 1100, mar de lytse skeagefallen binne earst noch net oanmelden. De boeren koene oant en mei 10 febrewaris by LTO Noord in taksaasjeformulier oanfreegje.
De boeren wurde al moannen pleage troch mûzen, dy't it lân folslein ferniele. Hjirtroch rint de skea yn de miljoenen. De taksaasjeformulieren wurde no oerdroegen oan it Faunafûns, dy't by alle boeren del moat om de skea op te nimmen.
LTO Noord giet der fan út dat de taksateurs dêrfoar wol in moanne nedich hawwe.