Lanlike 112-dei yn ramt fan falske meldings

Mear as de helte fan de alarmmeldingen by de sintrale meldkeamer fan de plysje yn Drachten is falsk of ûnnedich. Dat kostet in soad ekstra tiid en soarget foar argewaasje by de meiwurkers. De falske meldingen binne it tema fan de Europeeske 112-dei. Dizze dei wurdt woansdei foar de fyfde kear hâlden, om omtinken te freegjen foar it alarmnûmer 112 en it wurk fan de meldkeamers. In soad minsken belje by fersin it alarmnûmer, om't se op in ferkeard knopke drukke of fersinne har mei de voicemail om't dat nûmer der in soad op liket.
Op sneintemoarn en woansdeitemiddei belje gauris bern mei falske meldingen. De meldkeamer bellet dan werom om de âlden te warskôgjen. De sintrale meldkeamer yn Drachten bestiet no goed trije jier. Alle meldingen fan de plysje, branwacht en ambulânse wurde dêr sintraal ferwurke. Fierder wurde yn dizze meldkeamer ek de sirenes foar hiel Noard-Nederlân betsjinne, wurde NL-Alerts ferstjoerd en boargernetaksjes opset. Nij is dat der foar de boargernetaksjes mear en mear mei frijwilligers wurke wurdt. De sintralisten kinne it ynsprekken fan de berjochten foar boargernet, of opstellen fan de sms-berjochten dan útbesteegje.