Minister Schippers nei Pasana yn Dokkum

10 feb 2015 - 22:57

Minister Schippers fan Folkssûnens wol ynkoarten nei Dokkum komme om sels te sjen en te hearren hoe't it giet mei de soarch yn de regio. Se skriuwt dat yn it brief oan de Twadde Keamer. Yn de brief stiet fierder wat de stân fan saken is nei it fallisemint fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum.

Schippers seit dat de Nederlânske Soarchautoriteit der op tasjocht dat de fersekerder syn soarchplicht neikomt. Ek sil der strang tasjoen wurde op de kwaliteit fan de soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)