Jorien ter Mors fuort by coach Jillert Anema

10 feb 2015 - 22:23

Reedrydster Jorien ter Mors rydt net langer by Team Clafis. De Olympysk kampioene op de 1500 meter en de ploech ha de gearwurking beëinige. Neffens coach Jillert Anema wie der gjin goede wurkrelaasje. Ter Mors tekene yn maaie ferline jier in kontrakt mei Anema. Hy soe har begeliede by it langebaanreedriden. Foar it shorttracken bleau se by bûnscoach Jeroen Otter trainen.

Foar Clafis hat se nea in wedstryd riden om't se oan it begjin fan it seizoen al lêst krige fan 'oertraining'.

Yn de revalidaasjeperioade die bliken dat de kombinaasje fan beide coaches foar Ter Mors net in goede kár wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)