WK ôfstannen mei Fryske kânshawwers (2)

10 feb 2015 - 21:37
  • Thijsje Oenema
  • Margot Boer
  • Jesper Hospes
  • Arjan Stroetinga op kop

Tongersdei begjint yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean it WK ôfstannen reedriden. It toernoai duorret fjouwer dagen. Dêrnei kin de grutte 'fernijbou' fan it iisstadion begjinne. Mar earst omtinken foar de Fryske reedriders en -rydsters dy't op it eigen iis wat sjen litte wolle. Op sneon ride Sven Kramer, Jorrit Bergsma en Douwe de Vries de 5000 meter. Thijsje Oenema en Margot Boer sprinte op de 500 meter en Ireen Wüst en Marrit Leenstra komme út op de ploege-efterfolging.

Op snein sjogge we Jesper Hospes op de 500 meter en Wüst en Leenstra op de 1500 meter. Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma slute ôf mei de massastart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)