Jong Hearrenfean wint mei 8-1 fan Jong Almere City FC

10 feb 2015 - 21:07

Jong Hearrenfean hat tiisdeitejûn in moaie oerwinning helle op Jong Almere City FC. Op sportpark Skoatterwâld waard it mar leafst 8-1. Fan it begjin fan de wedstryd ôf wie Hearrenfean skerp en oerhearskjend. Pelle van Amersfoort skoarde de earste twa doelpunten. Dêrnei wie it Younes Namli dy't de 3-0 rêststân op it skoareboerd sette.

Doke Schmidt makke nei rêst de 4-0. It ienige tsjindoelpunt kaam yn de 52e minút fan Ait Afkir. Henk Veerman, Pelle van Amersfoort en Szabolcs Varga (2x) makken der úteinlik 8-1 fan.

De winst is in moaie opstekker en jout fertrouwen foar de wedstryd fan takom wike tsjin koprinner Vitesse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)