Frou (56) yn Snits swier mishannele troch eks-man

10 feb 2015 - 20:10

In frou fan 56 is tiisdeitemoarn yn Snits swier mishannele troch har eks-man. De frou ferliet om goed healwei sânen har hûs. Se waard opwachte troch har eks dy't har op strjitte earnstich tatakele. Yn it sikehûs fan Snits die bliken dat se in stekwûne, in klaplong en in brutsen skouder hie.

De plysje hat ûndersyk dien op it plak fan de mishanneling. Nei it buertûndersyk en it hearren fan tsjûgen koe de man yn syn wenning yn Drylts oanhâlden wurde. Hy wie dêr nei de mishanneling op 'e fyts hinne setten.

De man wie ferwûne oan syn tomme. Hy is behannele yn it sikehûs en dêrnei fêstset op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)