Frijwilligers út de soarch prate op kongres mei-inoar

10 feb 2015 - 18:37
  • Frijwilligers melde harren oan op in soarchkongres

'Kinne we dat net oerlitte oan frijwilligers?' Dat wie it biedwurd fan in kongres dat tiisdei yn it Ljouwerter WTC-hotel holden waard. Boppedat is it de titel fan in boek dêr't prof. dr. Jan Willem Duyvendak ko-skriuwer fan is. Hy wie dan ek de haadsprekker op dit kongres, organisearre troch Welzijn Centraal, Venturaplus, Partoer en Miks-Welzijn.

Hûnderten frijwilligers, professionals, wethâlders, riedsleden en minsken dy't gebrûk meitsje fan (mantel-)soarch hiene it mei-inoar oer de problemen om 'de partisipaasje' hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)