Fleanbasis oefenet mei bommen op De Vliehors

© ANP
F16's fan de fleanbasis Ljouwert en Volkel sille takom wike op 'e nij bommen smite op De Vliehors op Flylân. Dit is nedich om te trainen foar de missy boppe Irak. Der sille takom wike 21 bommen fan it type MK82 op de Vliehors smiten wurde. Dit binne 500-pûners.
Dizze bommen soene ferline wike brûkt wurde, mar doe waard de oefening ôfbrutsen troch it waar. Omdat de wyn draaid wie, hiene bewenners fan Teksel lêst fan trillings.