De Cambuur-Hearrenfean-derby-warming-up-kwis, diel 1

De Fryske derby stiet wer foar de doar. Snein nimt SC Cambuur it yn eigen hûs op tsjin SC Hearrenfean. Om alfêst wat op te waarmjen komt Omrop Fryslân mei de Cambuur-Hearrenfean-derby-warming-up-kwis.
De kommende trije dagen ha wy alle dagen fjouwer fragen foar de echte Fryske fuotbalfan. De antwurden op dizze fragen folgje de oare deis. Wat witte jo derfan?
Fraach 1:
De lêste kear dat Cambuur yn Hearrenfean wûn hat, wie yn it seizoen 93/94. Cambuur wûn mei 1-2. Neam minimaal ien doelpuntemakker fan de Ljouwerters.
Fraach 2:
Ogbeche is topscorer by Cambuur mei 10 doelpunten. Twa Nigerianen makken ea mear doelpunten yn de earedivyzje. Wa wiene dat?
Fraach 3:
Op 19 oktober 2014 waard de rapste strafskop ea jûn yn de earedivyzje. It wie yn de Fryske derby. Nei hoefolle sekonden wie dat?
Fraach 4:
Wa wie yn dy wedstriid de skiedsrjochter?
Fansels hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de Fryske derby. Sa stiet freed Bynt Sport folslein yn it teken fan de derby en lizze wy dizze fragen foar oan de oanfierders fan Cambuur en Hearrenfean. Op snein is der it wedstriidferslach op Omrop Fryslân Radio fan 12.00 oere ôf, omtinken foar alle omballings en ek wurdt der op omropfryslan.nl in liveblog byhâlden oer alles wat der bart op sosjale media.