Elkien ynvestearret folop yn nije sosjale hierwenten

10 feb 2015 - 15:04
  • Elkien

Wenningstichting Elkien sil de kommende jierren foar 360 miljoen euro ynvestearje yn sosjale hierwenten. It giet om de perioade fan no oant en mei 2019. Neffens Elkien sil de kommende jierren gemiddeld elke dei in duorsum ferboude of nijboud hûs yn de sosjale sektor oplevere wurde.

Neffens de wenningstichting is dit unyk yn de sektor. Ek de sosjale hiersektor komt nammentlik hieltyd mear ûnder druk te stean.

Op in spesjale webside is te folgjen hokker wenningen al oanpakt binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)