Soad eilanners ferwachte by ynfojûn oer wynenerzjy Flylân

Flylân ferwachtet in soad eilanners op de ynformaasjegearkomst oer wynenerzjy woansdei. De ynformaasjejûn wurdt organisearre troch Lab Vlieland; de organisaasje dy't ûntstien is út it festival Into The Great Wide Open. Doel fan Lab Vlieland is om tûke oplossings foar it eilân te betinken.
It lab wol it draachflak foar wynenerzjy op Flylân ûndersykje. Dat dogge sy troch earst mei de eilanners yn petear te gean. Ek badgasten wurdt frege wat sy der fan fine. Flylân wol yn 2020 syn eigen enerzjy produsearje en eins kin dat net sûnder wynenerzjy.