Dronken bromfytser fan de dyk helle

10 feb 2015 - 12:30

In 22-jierrige bromfytser út Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei op de Heliconwei trapearre op it riden mei drank op. Syn rydbewiis waard ynnaam en de man krige in rydferbod fan 6 oeren. Der is proses-ferbaal opmakke en hy moat in kursus folgje oer it brûken fan alkohol yn it ferkear.

Trefwurden: 
drankrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)