Skelet út Hegebeintumer terp krijt gesicht

In ieuwenâld skelet út de terp fan Hegebeintum krijt in gesicht. It skelet fan in frou út de sânde ieu is gewoanwei te sjen yn de fêste tentoanstelling fan it Fries Museum, mar wurdt tiisdei nei Amsterdam brocht foar in gesichtsrekonstruksje.
De rekonstruksje wurdt makke foar in tentoanstelling yn juny fan dit jier en past yn de trend fan it persoanlik meitsjen fan de skiednis. De bonken waarden yn 1905 yn in "boomkist-graf" út de terp fan Hegebeintum opgroeven.
Earder waarden ek in gesichtsrekonstruksje makke fan it "meisje van Yde" dat te sjen is yn it Drents Museum, en koartlyn Aak, it jonkje út de Izertiid. Konservator terpekultuer Nelleke IJssennagger is tiisdeitejûn te gast yn Bynt om mear te fertellen oer dit projekt.