'Canon fan de Waadeilannen' oer hichtepunten fan it Waad
Der komt in boek oer de skiednis fan de Waadeilannen. It boek 'Canon fan de Waadeilannen' fan Anne Doedens en Jan Houter is de earste útjefte oer 50 histoaryske hichtepunten fan Teksel, Flylân, Skylge, It Amelân, Skiermûntseach en Rottumereach. De skriuwers hawwe petearen hân mei tal fan kenners en eilânbewenners om in sa goed mooglik byld fan de eilannen te krijen.
Neffens de skriuwers ferbine de talen, de folkloare en de wize fan ynrjochtsjen de eilannen mei elkoar.