Holwerters entûsjast oer 'Holwert oan See'

10 feb 2015 - 11:51
  • Ympresje fan Holwert oan see

Holwerters bin entûsjast oer de plannen foar 'Holwert oan See'. Yn it plan wurdt de dyk trochstutsen om fan it doarp wer in havenplak te meitsjen. Dat moat it toerisme en de natoer in ekstra ympuls jaan. Ek is it in wapen yn de striid tsjin de krimp. De inisjatyfnimmers koene moandeitejûn rekkenje op de stipe fan de doarpsbewenners. Ut de seal mei 350 belangstellenden klonk geregeld applaus. De stichting Holwerd aan Zee wol no troch mei de plannen. As alles meisit kin men oer 10 jier mei de sylboat fanút it sintrum fan Holwert nei It Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)