Ynbraak yn kafee 'De Wielen' yn Langwar
Yn kafee De Wielen yn Langwar is tusken 2 en 9 febrewaris ynbrutsen. Der binne fjouwer lûdsprekkers, in mingpaniel en fleskes Flugel stellen. De dieven kamen der yn fia de achterkant fan it kafee, dat yn de winter ticht is. De plysje freget tsjûgen harren te melden.