Duo trapearre yn leechsteande pleats Poppenwier

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei yn Poppenwier twa Grousters oanhâlden dy't ynbrutsen yn in leechsteande pleats oan de Harstawei. In tsjûge melde de fertochte sitewaasje by de plysje. De fûn de auto fan de beide Grousters yn de buert fan de pleats. De beide manlju, 23 en 25 jier, wiene noch binnen. Se hiene GHB en speed by harren.
Neffens it duo hiene se net de bedoeling om guod te stellen. Der is proses-ferbaal tsjin de mannen opmakke.