Plannen foar Holwert oan de Waadsee binne helber

09 feb 2015 - 14:52

It projekt 'Holwerd aan Zee' is helber. It plan om de seedyk by Holwert troch te brekken sadat it doarp ek écht oan de Waadsee komt te lizzen, hat in reële kâns op sukses. Dit docht bliken út in ûndersyk dat moandeitemiddei by in sympoasium oer it projekt yn Holwert presentearre is.

Yn it ûndersyk is benammen sjoen nei duorsumheid, gearwuking en finânsjen. Holwerd aan Zee moat in grutte ekonomyske stimulâns foar dizze krimpregio wurde en soe sa'n 180 miljoen euro kostje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)