Dei fan de wierheid foar personiel fan Blokker winkels

09 feb 2015 - 14:09

Alle meiwurkers fan de 600 Blokker filialen krije moandeitejûn te hearren wat it nije belied fan Blokker wurdt. Dat seit de FNV. Neffens it fakbûn wurde der in soad filialen sluten en reitsje in soad meiwurkers harren baan kwyt. Klanten keapje hieltyd minder by Blokker. Fryslân telt sa'n 21 Blokker winkels, mar yn elts gefal acht dêrfan binne eigendom fan fransjizenimmers en falle dus net ûnder de Blokker organisaasje. Neffens de FNV reint it klachten fan Blokker meiwurkers, dy't ûnder druk setten wurde om ûntslach te nimmen.

Der soe sprake wêze fan in stille reorganisaasje by it konsern. Blokker sil tiisdei mei de fakbûnen prate.

Trefwurden: 
ûnrêst ûntslaggen Blokker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)