Dominy Gerard Rinsma yn de haadrol fan EO-programma

09 feb 2015 - 12:35

De EO stjoert op NPO 2 in portret út fan Gerard Rinsma. Rinsma is dominy yn Goutum en ek strjitmuzikant. It portret is makke yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Yn de wike fan 23 febrewaris stiet dit evenemint sintraal by de NPO.

Yn it EO programma 'Geloof en een Hoop Liefde' is te sjen hoe't in strjitmuzikant dominy wêze kin en oarsom. Gerard Rinsma is te sjen as muzikant op it Saailân yn Ljouwert en yn syn wurk as predikant yn de tsjerke yn Goutum. De útstjoering is op tiisdei 24 febrewaris om 17.10 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)