Minister Hennis ûndergiet yn Marsum lûd fan de F-16's

Minister Hennis fan Definsje lit har moandei yn Marsum persoanlik ynformearje oer de lûdssituaasje yn de doarpen om de Ljouwerter fleanbasis hinne. De minister docht dat op útnoeging fan omwenners fanwege de komst fan de JSF. De minister krijt útlis oer hoe't it no is en oer de soargen dy't der libje oer de komst fan de JSF, dy't mooglik foar noch mear lûdsoerlêst soargje sil. Se krijt ek it echte lûd te hearren fan de F16 dy't oer it doarp giet.
By de besite binne ek fertsjintwurdigers fan fleanbasis, provinsje en gemeente.