Kaden by útstreamkanaal Fiifhuzen dochs heger

De kaden fan it saneamde útstreamkanaal fan it nije gemaal dat by Fiifhuzen ûnder Hallum komme moat, wurde ophege. Hjirmei wol it Wetterskip Fryslân temjitte komme oan de beswieren fan eardere tsjinstanners fan it plan. Dy krigen yn 2014 gelyk fan de Ried fan Steat. It wetterskip hat de plannen no oanpast, yn de ferwachting dat dêrmei de beswieren ferdwine sille. Mei it nije gemaal wol it wetterskip de ôffier fan wetter ferbetterje en de fiskmigraasje befoarderje.