LDODK wit net te stunten tsjin Fortuna

08 feb 2015 - 17:33
  • Trainer-coach Jan Sjoerd Pool

LDODK slagge der snein net yn om histoarje te skriuwen troch foar it earst yn de skiednis te winnen fan Fortuna. Yn eigen hal ferlear LDODK mei 26-22. De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool hie in dreamstart en rûn út nei in 8-2 foarsprong. Fortuna kaam knap werom, wêrtroch't de stân by rêst 12-10 wie.

Nei it skoft naam Fortuna de lieding oer, mar LDODK fjochte him werom. Yn in spannende striid wisten de Gordyksters oant 20-20 de oansluting te hâlden. Yn it slot diktearre Fortuna en sa pakte de ploech út Delft dochs noch ienfâldich de winst.

Troch it ferlies komt der in ein oer de goede rite fan de Gordyksters, dy't trije kear op rige de winst pakten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)