Alders Ouwesyl wolle gau om tafel mei nije direkteur

08 feb 2015 - 16:38

De kommisje fan ferûntrêste âlders út Aldebiltsyl wol yn petear mei de nije direkteur Dietske Bouma, dy't oansteld is om de problemen op basisskoalle Ouwe-Syl oan te pakken. Bouma ferfangt de eardere direkteur fan de gearwurkingsskoalle, Jaap Jansma. De lokaasjelieder fan de skoalle is ek ferfongen.

Op de skoalle binne in pear wike lyn problemen ûntstien yn it team, nei krityk fan âlders op it fuortgean fan in populêre juf. De skoalle moast sels in dei ticht, omdat de helte fan de ûnderwizers him siikmelden hie.

De ferûntrêste âlders wolle dat der in objektyf en ûnôfhinkelik ûndersyk komt, sadat alle pinepunten boppe wetter komme. Ouwe-Syl is in gearwurkingsskoalle fan iepenbier en kristlik ûnderwiis. Yn augustus 2014 binne de skoallen byinoar kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)