Hospes fjirtjinde op twadde 500 meter by wrâldbeker sprint

Jesper Hospes is snein teloarstellend fjirtjinde wurden op de twadde 500 meter by de wrâldbekerwedstriden sprint yn Thialf. Hospes klokte in tiid fan 35.38 en wist dêrmei syn tiid fan sneon (35.27) net te ferbetterjen.
De winst op de 500 meter gong lykas sneon nei de Rus Pavel Kulizhnikov, dy't in tiid fan 34.62 op it boerd sette. De Koreaan Tae-Bum Mo einige as twadde mei 34.94 en wist Nico Ihle (35.06) efter him te hâlden. Jan Smeekens fan Snits kaam net yn aksje op de twadde 500 meter. Smeekens melde him ôf mei búkgryp.