Aris mei 84-56 ûnderút by Zwolle

08 feb 2015 - 15:47
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris ferlearen sneintemiddei mei 84-56 fan Zwolle. Yn Zwolle begûnen de Ljouwerters sûnder de blessearre Tjoe de Paula en Dexter Hope. Zwolle profitearre optimaal fan de ferswakte formaasje en naam fuortendaliks de lieding. Pas by 16-2 waard Aris wekker en wisten de Ljouwerters de skea yn it earste kwart yn te rinnen oant 25-12.

Foar it skoft rûn Zwolle lykwols op 'e nij út oant 48-28. Yn it tredde kwart waard it 67-40, wêrnei't Zwolle in walk-over hie yn it lêste kwart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)