SCO ferliest útwedstriid by Groen Geel

08 feb 2015 - 12:12

De kuorballers fan SCO ferlearen sneontejûn de útwedstriid mei 24-22 fan Groen Geel. Yn Wormer holden de ploegen inoar lang yn lykwicht. By rêst stie der in 11-11 tuskenstân op it boerd.

Ek nei rêst ûntrûnen beide teams inoar net folle. By in stân fan 21-21 pakte Groen Geel in lytse foarsprong. De kuorballers út Aldeholtpea kamen noch werom oant 23-22, mar de yn de slotminút wie it de thúsploech dy't trefseker wie en de winst yn eigen hûs hold.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)