Sân strjitoerfallen yn ien wike tiid yn Ljouwert

08 feb 2015 - 11:57

Ljouwert hat de lêste wike te krijen mei in grutte taname oan strjitoerfallen. Sneon wie de sânde oerfal op de Grinzerstrjiwei. Sûnt begjin ferline wike wiene der ek noch trije meldings op de Foarstreek, noch ien op de Grinzerstrjiwei en ien op de Hoekstersingel en fan De Kei yn Bilgaard.

Guon oerfallen binne troch ien dieder dien, oaren troch twa dieders. De plysje tinkt dat it hieltiten deselden binne. Se oerfalle faak jonge slachtoffers troch se achterop te fytsen of te rinnen. Dêrnei wolle se jild en de mobile tillefoan.

De oerfallen op strjitte fine benammen jûns en nachts plak. Ien dieder is wat âlder, hat in donkere hûdskleur en in stevich postuer. De oare dieder is jonger, 'licht getint' en lytser as de oare dieder. De plysje siket tsjûgen fan de strjitrôven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)