Ljouwerter jout befeiliger MCL klappen
In man fan 23 jier út Ljouwert is sneon oanholden omdat hy yn sikehûs MCL in befeiliger slein hie. De man wie mei in ferwûne earm it sikehûs ynkaam. Hy wie yn de war en lei razend op 'e flier. Op de earste help gie hy troch it lint en sloech in befeiliger yn it gesicht.
De plysje hat de man meinommen en oerdroegen oan de geastlike sûnenssoarch.