Swingend SC Hearrenfean wint mei 4-0 fan PEC Zwolle

Sportklup Hearrenfean die sneontejûn oan klantebining. Yn in kolkjend Abe Lenstra stadion waard de nûmer trije fan de earedivyzje PEC Zwolle mei 4-0 ferslein. De earste helte fan de thúsklup wie super. Yn de tredde minút soarge Luciano Slagveer foar de iepeningstreffer, sân minuten letter makke Sam Larsson de 2-0. Foar it skoft skeat Mark Uth in strafskop achter Zwolle-keeper Warner Hahn.
It slotakkoart waard fersoage troch de nije oanwinst Henk Veerman. SC Hearrenfean klimt nei it sechsde plak.