ONS Boso Snits besocht Oebele Schokker nei Snits te heljen

07 feb 2015 - 17:56

Topklasser ONS Boso Snits hat besocht om âld-Cambuurspiler Oebele Schokker nei Snits te heljen. Sponsors fan de klup woenen wol ynvestearje om Schokker nei it Sudersportpark te krijen. Trainer Bert Hollander seach yn Schokker in needsaaklike fersterking fan de Snitser ploech. Schokker woe sels lykwols net. Hy joech de foarkar oan haadklasser Harkemase Boys.

Hollander hopet no dat sponsors jild stekke wolle yn de comeback fan Sandor van der Heide, om't ONS in rûtinier nedich hat. Van der Heide is op dit stuit assistint-trainer by Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)