ONS Boso Snits mei 3-1 ûnderút by Excelsior Maassluis

De fuotballers fan ONS Boso Snits ferlearen sneon mei 3-1 fan Excelsior. Yn Maassluis moast keeper Ivan Landlust yn de earste helte meardere kearen yn aksje komme. Hy koe lykwols net foarkomme dat Excelsior krekt foar rêst dat de iepeningstreffer makke.
Nei rêst kaam de thúsploech mei noch in kertier op de klok op 2-0, mar Chris de Wagt brocht de spanning trije minuten letter hielendal werom mei de oanslutingstreffer. ONS spile yn it lêst noch mar mei 10 man, nei in blessuere fan De Wagt. Excelsior soarge yn ekstra tiid foar de einstân.