Hospes njoggende op 500 meter, Smeekens teloarstellend 17e

07 feb 2015 - 16:28
  • Jan Smeekens

Jesper Hospes fan It Hearrenfean is sneon njoggende wurden op de earste 500 meter by de wrâldbekerwedstriden sprint yn Thialf. Hospes sette de tiid stil op 35,27. Jan Smeekens út Snits waard teloarstellend 17e mei syn tiid fan 35,49. Bêste Nederlanner wie Michel Mulder, dy't mei 35,15 krekt njonken it poadium op it fjirde plak einige.

De winst op de 500 meter gong nei de grutte favoryt Pavel Kulizhnikov út Ruslân mei 34.93. Artur Was út Poalen waard twadde (34.97), foar de Dútser Nico Ihle dy't it tredde plak pakte mei 35.11.

Yn it wrâldbekerklassemint giet Pavel Kulizhnikov oan de lieding, folge troch de Kanadees Laurent Dubreuil en de Poal Artur Was. Jan Smeekens stiet op it fjirde plak yn it klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)