GroenLinks omearmet moasje oer basisynkommen

07 feb 2015 - 16:06

Nederlân moat in basisynkommen krije én mantelsoarch en frijwilligerwurk moatte heger wurdearre wurde. It binne twa Fryske moasjes fan GrienLinks dy't sneon op it partijkongres yn Amersfoort troch de leden oannaam binne. De GrienLinks fraksjes fan Ljouwert en Tytsjerksteradiel wolle dat de Twadde Keamer ûndersyk docht nei it herfoarmjen fan de sosjale sekerheid, no't in groeiend oantal minsken ûnbetelle wurk docht.

Dêrneist fine de GrienLinks-fraksjes dat de Twadde Keamer prate moat oer it belang en de omfang fan net-betelle wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)