Twa Friezen ferwûne by izel-ûngelok by De Like

Twa Friezen binne sneontemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by De Like, tusken Drachten en Grins. It giet om in frou (38) út Drachten en in man (64) út Hoarnstersweach. Beide binne mei letsel oan de holle oerbrocht nei sikehûs UMCG yn Grins. It ûngelok wie it gefolch fan de glêdens op de dyk. Fjouwer auto's botsten op elkoar. De twa slachtoffers stapten út de auto en rûnen op de flechtstrook. Se binne doe troch in oare auto oanriden.
It wie it slimste ûngelok fan sneon. Mei-inoar wiene der mear as 60 ûngelokken troch de glêdens.
Guon diken wiene sjippeglêd troch de izel. De hiele sneontemoarn is der struid. It KNMI die in koade oranje-warskôging, en Rykswettersteat rôp minsken op om net de dyk op te gean. De koade oranje-warskôging waard pas oan de ein fan de moarn wer ynlutsen.