150 man helpe mei grutte dongsek by maatskip yn Easterein

07 feb 2015 - 13:46

Goed 150 man wiene sneontemoarn dwaande by maatskip Kuiper fan Easterein. Dêr moast in grutte dongsek útteard wurde, om jarre op te slaan. Dat wie nedich, omdat yn desimber in dongfergister ôfbaarnde troch in saneamde stofeksploazje.

Neidat Kuiper om help frege wiene der samar hûndert man dy't wol meihelpe woene. Moandei sil de dong nei de dongsek brocht wurde.

Trefwurden: 
Easterein dongsek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)