Meldkeamer plysje telt sechtich ûngelokken troch glêdens

Plysje en Rykswettersteat hawwe sneon om 11.00 oere koade oranje ynlutsen. De plysje advisearre minsken sneon oerenlang om net de dyk op te gean en oars harren snelheid oan te passen. De izel begûn sneontemoarn om seis oere. By de plysje kamen sneontemoarn sechtich meldings binnen fan oanridings troch izel en glêdens.
Op de A7 by De Like binne fjouwer auto's opinoar botst. Ynsittenden binne út de auto stapt en op de flechtstrook oanriden, twa minsken rekken swier ferwûne. By Boalsert stie in frachtwein dwers op de dyk.
Dy frachtwein is fuorthelle. De plysje hat de dyk struid foardat de dyk wer frijjûn is. Ek op de Wâldwei wiene tal fan oanridings. Ferskate diken hawwe ôfsletten west om de ûngelokken ôf te hanneljen.