UNIS Flyers wint mei 10-0 fan Geleen

De UNIS Flyers yn aksje tsjin Geleen © Nicolien Sijtsema Fotografie
De iishockeyers fan de UNIS Flyers wûnen freedtejûn ienfâldich mei 10-0 fan Geleen Eaters. Op eigen iis sette Marcel Kars de iepeningstreffer yn de earste perioade op it boerd. Tony Demelinne makke der yn de twadde perioade 2-0 fan.
Dêrnei gong it rap foar de Feansters. Treffers fan Ronald Wurm, Marco Postma, Brent Jansen en Levi Houkes soargen foar in romme 6-0 foarsprong. Yn de lêste perioade soargen Houkes, Travis Bobbee, Postma en Mitch Bruijsten foar de ienfâldige oerwinning. De Flyers spylje sneon op 'e nij thús, dan tsjin Herentals.