Admiraliteitsdagen wurde dit jier noch grutter

06 feb 2015 - 21:27
  • De organisaasje presintearre freed de nije spearpunten fan de Admiraliteitsdagen

De Admiraliteitsdagen yn Dokkum wurde dit jier noch grutter as oars. Sa komt der in driuwend poadium op it wetter fan it Kleindiep, dêr't trije dagen lang ferskate muzikale optredens te hearren binne. Ek wurdt der in spesjaal Admiraliteitsorkest gearstald út ferskate muzykferienings út de regio. Njonken muzyk steane de aktiviteiten op it wetter op 'e nij sintraal. Nij is it belûken fan de skoalbern by it evenemint.

De organisaasje presintearre freedtemiddei de spearpunten. De Admiraliteitsdagen binne op 4, 5 en 6 septimber.

Boargemaster Marga Waanders bringt foarôfgeand oan de Admiraliteitsdagen in besite oan de Dokkumer basisskoallen om de bern te fertellen oer de betsjutting fan it feest. Ek sille de bern spesjale flaggen ferkeapje, wêrfan in diel fan de opbringst foar de skoalle is. Doel fan de flagge-aksje is dat hiel Dokkum dat wykein yn septimber blau kleuret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)